Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ000606

Een sage (mondeling), 1963 - 1966

Hoofdtekst

To Aldegea, dêr't nou Sibbele Douma wennet, stie froeger in great foarnaem hûs mei in gracht en in brechje dat omheech lutsen wurde koe.
De boer en de frou wienen fuort, mar it folk wie thús.
Doe kom dêr in man mei in great pak oansetten. Dy handele yn doeken, lapkes en sok spul. Hy frege of er dêr it pak wol delsette mochte.
Nou, dat koe wol.
Moarn kom ik wer, sei de koopman en doe gong er fuort. It pak bleau dêr lizzen.
Mar sa faek as de houn by it pak lâns gong, bigong it beest to brommen.
De feint sei: Dat liket nuver. Dat is fêst gjin goed spul. Der is hwat mei dat pak.
Hy skopte der al ris tsjin oan. Doe sei er: Ik krij myn gewear. En doe skeat er op it pak. It bloed spatte der út.
Doe't se it pak iepen makken, siet der in keardel yn. Dy keardel wie kroandea. Hy hie in fluitsje by him, dat wie in moardnersfluitsje. It wie in rover.

Onderwerp

AT 0958C* - Robber in Shroud    AT 0958C* - Robber in Shroud   

ATU 0958C* - Robber in Shroud.    ATU 0958C* - Robber in Shroud.   

Beschrijving

Venter in stoffen mag een pak laten staan in een huis van rijke mensen. Knecht schiet op het pak als de hond bij het pak steeds begint te grommen. In het pak zit een rover met een moordenaarsfluitje.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 6, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

circa 1965
Robber in Shroud

Naam Overig in Tekst

Sibbele Douma    Sibbele Douma   

Naam Locatie in Tekst

Aldegea    Aldegea   

Oudega    Oudega   

Plaats van Handelen

Oudega    Oudega   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21