Hoofdtekst
Sterke Hearke hie in dochter, dy hiet fan Rixt. Dy wie o sa sterk, mar dat woe se net rjocht wêze. Hwant se wie bang, dat se dan net in man krije soe.
Sy tsjinne by in boer. Op in kear hâldde in kloftsje jongfolk in wedstryd: Hwa't in earnamer fol wetter om 'e skuorre hinne drage koe. Rixt wie der ek by. Sy nom de earnamerfol wetter yn 'e iene hân. Nou mat ik ek hwat yn 'e oare hân ha, sei se, oars rin ik bryk. Doe joegen se har yn 'e oare hân in stik izer. Sa sjoude se de earnamer fol wetter om 'e skuorre hinne. Net ien dy't it har neidwaen koe.
Rixt krige spul mei de boer, dêr't se as faem wenne.
Doe gong se hinne en forsûpte gau ien fan syn bêste kij, alhielendal allinne.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Sterke dochter van sterke man loopt met emmer water in de ene hand en een stuk ijzer in de andere rond de schuur. Pakt alleen een koe op en verdrinkt het dier, als wraak op de boer.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 7B, verhaal 12 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
ca. 1965
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Rixt   
Sterke Jerke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21