Hoofdtekst
Albert Alma fan 'e Harkema wie myn omke. Syn wiif hiet fan Tet. Ien fan syn soannen wie Teake Hut. In oaren hiet fan Wibe, dy leeft noch. Wy binne nei deselde neamd.
Albertom wie yn syn feintejierren in raren. Hy wenne doe noch by syn âlden yn. Hy sûpte ôfgryslik en hy flokte grouwelich. En it gong altyd op in fechtsjen en snijen.
Op in snein-to-joune kom er thús. 't Wie al by tolven. Der stie in manspersoan yn 'e doar, in fremdenien.
"Bistû de duvel?" frege Albert. "Ik bin net bang foar dy." Sy rekken oan 't fechtsjen en slaen, dat alles yn 'e keamer rekke stikken. De kachel en de stuollen, alles moest der oan gelove. Hy wie fechtsjend yn 'e hûs rekke en hy rekke dêr ek fechtsjend wer út.
Doe hat syn heit him it leksum lêzen: "Dû hast mei in forkearden ien fochten, heite."
Ien foet wie fan hout en ien foet wie fan izer. En 't wie ien stik fjûr allegear fjûr ûnder 't fechtsjen.
Sûnt dy kear wie Albertom hwat bikom.

Onderwerp
SINSAG 0916 - Kampf mit dem Teufel.   
Beschrijving
Albert Alma is in zijn jonge jaren een rare. Hij drinkt en vecht. Als hij 's avonds eens rond middernacht thuiskomt, denkt hij dat de duivel voor hem staat en hij vecht met hem. Het huis wordt kort en klein geslagen. Hij blijkt echter enkel met het meubilair gevochten te hebben. Zijn vader leest hem de les en sindsdien is hij iets rustiger.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 8, verhaal 7 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 januari 1966
Kampf mit dem Teufel.
Naam Overig in Tekst
Albert Alma   
Teake Hut   
Wibe   
Albertom   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Tet   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21