Hoofdtekst
Waatsen Nicolai op 'e Tike, dy syn wiif wie altyd siik. Dokter koe der neat oan dwaen. Dat doe gongen se nei Wopke ta. It wiif wie bitsjoend, sei Wopke.
Mar sy woarden net gewaer hwa't de tsjoenster wie. Dat woed er net sizze.
Op in kear hie se in apel krigen fan âlde Tryn.
Dy lei se yn 'e sûkerpot yn 'e kast. It lid kom der op. In pear dagen letter sei se: Ik hie wol sin oan dy apel. Meitsje dy mar ris foar my klear.
Sy nommen de sûkerpot, dienen 't lid der ôf, en doe siet der in grouwe pod yn.
Waatsen brocht de pod bûten achter hûs en sloech him mei de tange op 'e kop.
Alde Tryn kom yn in dei twa net opdaegjen. Doe forskynde se wer, mei doeken om 'e holle.
Doe sei Waatsen tsjin har: "Ha 'k dy in opstopper jown? Wiestû de pod?"
't Ald minske kom der noait wer. Waatsen syn wiif woarde wer better.

Onderwerp
Sinsag 0586 - Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten   
Beschrijving
Een vrouw is altijd ziek. Zij is betoverd. Zij krijgt van een oude vrouw een appel, die ze in een suikerpot legt. Als ze de appel wil opeten, is deze in een pad veranderd. De man slaat de pad met een tang. De oude vrouw heeft later een doek om haar hoofd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 8, verhaal 15 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
15 januari 1966
Von Hexe empfangene Äpfel verwandeln sich in Kröten
Naam Overig in Tekst
Waatsen Nicolai   
Wopke   
Tryn   
Naam Locatie in Tekst
Tike   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21