Hoofdtekst
It wienen faek timmerlju, dy't in flesse drank mei in kaert krigen. It gebeurde meastal achterôf yn 't fjild. Der wie ien, dy smiet skoppenboer fuort. Der moest in oaren-ien wêze dy't de flesse mei drank oannom. Dat woarde fan to foaren ôfpraet. Wie de kaert fuort, dan woardde der even letter op 'e doar kloppe. Deselde, dy't der ta oansteld wie, nom de flesse oan. De kaert siet der oan fêst. Wer in oaren ien moest mei de flesse jitte. Dyselde dy't it earst drank yn 'e romer krige, mocht dy drank net opdrinke. It earste romerfol moest er oer 't lofterskouder hinne fuortsmite. Ik haw ris fan ien heard, dat ien sein hie, dy't de flesse oannom hie: Dit doch ik noait wer. Dat wie ien út Goaijingahuzen. Der mat it gebeurd wêze.
Beschrijving
Bij een kaartspel wordt drank gebruikt. Allerlei regels zijn er zoals bijvoorbeeld dat degene die het eerste glas krijgt, dit over de linkerschouder moet leeggooien.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 9, verhaal 10 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
17 januari 1966
Naam Overig in Tekst
Goaijengahuzen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
