Hoofdtekst
Tjille Kaert wenne op 'e Gerdyk yn in lyts skipke. Sy koe kaertlizze. Wibe hat der ris hinne west. Syn nicht Pytsje wie by him.
Wibe wie hwat oansketten en sei: Dit is myn faem. In kreas frommes, net? (Mar dêr wie neat fan oan) Tjille sei: Dat is jou faem net en likemin jou frou. Ik wol jo de kaert net lizze, jo meitsje my hwat wiis. Sy hie it dus wol goed sjoen.
Tsjin Pytsje sei se: Jimme hûs stiet fol brulloften. Pytsje sei: Wy trouwe noch lang net. Mar Tjille krige gelyk.
Doe ha ik en Doutsen nei har ta west. Sy sei tsjin my: Der wennet in lange frou njonken jo. Dy is altyd jaloersk op jo en wol jo tsjinwurkje. Mar jo matte net bang foar har wêze, hear. (Dat kom út, sa'n ien wenne der njonken ús)
Tsjin Doutsen sei se: Jimme matte dy beam by jimme hûs útroegje. Under dy beam sit in protte jild. (Mar dat ha se noait dien)
Doe't wy fuort gongen, sei se noch tsjin Doutsen: Jo matte oppasse. Jo krije in skuor yn 'e rok. Wy wisten net hwat se dêr mei bidoelde. Mar koarte tiid dêrnei moest Doutsen trouwe. Dat hat dy skuor yn 'e rok west.

Beschrijving
Een vrouw kan de toekomst voorspellen met kaarten.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 9, verhaal 12 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
17 januari 1966
Naam Overig in Tekst
Tjille Kaert   
Wibe   
Pytsje   
Doutsen   
Naam Locatie in Tekst
Gerdyk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21