Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001004

Een sage (mondeling), woensdag 19 januari 1966

Hoofdtekst

Alde Gerben Visser wenne op 'e Tike. Hy wie mei de helm geboaren. Op in joun hied er mei 't wiif to praten west. It gong froeger faek op in jounpraten. Se wienen ûnderweis nei hûs ta.
Mast even achter my gean, sei Gerben tsjin har. Is der hwat, Gerben?
Ja, sei er. Doe gong er in eintsje sydlings op in sânpaed.
Even letter sei er: Kinst wol wer njonken my komme.
Hast hwat sjoen?
Ja, sei er. Der kom in slide lâns mei in lyk der yn. Dat wie ús nije slide.
Kobus de Vries fortelt fierder: De suster fan myn heit forstoar in pear dagen letter. It wie yn 'e winter en de wegen wienen tige glêd. Doe ha se de slide fan Gerben liend en dêr is se yn nei 't hôf ta brocht woarn.

Gerben doarst ek wol forstoarnen oan to sprekken, dy't weromkamen.
Albert Gjert hie gedoente mei Tseard kuorkemakker. Op in kear kom Albert by him. Hoe giet it mei dy, Tseard?
Net bêst, jonge. Ik liz hjir nou al gâns in skoft. Ik krij der net in healjier mear by.
Hy krige gelyk. Binnen 't healjier rekke er hjir wei. Mar foar syn forstjerren sei er tsjin Albert:
As ik der aenst ôf kom to reitsjen, wolst der dan om tinke, dat ik noch in protsje rogge ha, dat noch bitelle wurde mat? Ik wol net mei skulden yn 't graef lizze. Soargestû der foar dat dat yn oarder komt?
Albert biloofde it.
Mar it hinge mei 't biteljen. It wie Albert syn doel wol it to dwaen, mar hy kom der net oan ta.
Mar Tseard syn wiif hie gjin rêst yn 'e hûs. Sûnt Tseard wei wie gong it dêr altyd op in spoekjen. De leider waerd forset yn 'e nacht en se wienen op 'e souder oan 't siedmjitten en al sa mear. 't Wie soms in heidensk lawaei.
Doe gong 't minske nei Albert ta en sei: Albert, hwat giet it der by ús oan wei. Sa en sa.
Gerben wenne ien breedte fan Albert ôf. Albert sette nei Gerben ta en sei, hwat de widdou him forteld hie. Doarstû Tseard oan to sprekken?
Dat ik it net doar - sei Gerben - , mar ik mat it ek folbringe kinne. Wie der ek skuld?
Ja, sei Albert, ik ha Tseard biloofd, ik soe dy rogge bitelje.
En dû hast it net dien?
Noch net.
Dan mast dat earst foldwaen. Dan sille wy wer ris sjen. As it spoek dan nòch komt, dan sil ik it oansprekke. De oare moarns brocht Albert it jild toplak.
Sûnt hat it spoek der net wer west.

Onderwerp

SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen    SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   

Beschrijving

Man die met de helm geboren is ziet lijkstatie, een paar dagen later sterft een vrouw.
Hij durft ook doden aan te spreken. Vriend belooft aan stervende man dat hij zal zorgen dat een betaling zal worden gedaan. Hij vergeet het, waarop het gaat spoken bij de weduwe. Nadat de schuld is betaalt blijft het spook weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 10, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 januari 1966
Leichenzug gesehen

Naam Overig in Tekst

Gerben Visser    Gerben Visser   

Kobus de Vries    Kobus de Vries   

Albert Gjert    Albert Gjert   

Tseard    Tseard   

Tjeerd    Tjeerd   

Albert    Albert   

Naam Locatie in Tekst

De Tike    De Tike   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21