Hoofdtekst
In pleachgeest is in soart fan nachtmerje. Heit wenne as boerefeint by Piter Algra. Hy slepte yn 't bûthús. Dêr stienen fjouwer hynders op 'e stâl. Ien fan dy hynders hie altyd lêst fan in nachtmerje. Op in nacht makke dat hynder sa'n leven dat heit woarde der wekker fan. Heit gong der ôf en stuts de lantearne oan. It hynder wie dweiltrochwiet fan swit. Sa krap hie er it hawn. De nachtmerje wie yn 't rib weiwoarn. Heit seach der noch krekt in glimp fan. Mar it hynder seach de nachtmerje tige skoan. Dy syn egen wiene stiif rjochte op it rib.
Onderwerp
SINSAG 0791 - Begegnung mit Mahr.   
Beschrijving
Paard maakt door bezoek van een nachtmerrie 's nachts veel lawaai, is doornat van het zweet en ziet de nachtmerrie in een balk verdwijnen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 10, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
19 januari 1966
Begegnung mit Mahr
Naam Overig in Tekst
Piter Algra   
Pieter   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
