Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001414

Een sage (mondeling), donderdag 03 februari 1966

Hoofdtekst

Wytseboer sutele mei pikelhearrings. Op in kear kom er mei pikelhearrings by ús heit. Hy krige kofje fan ús mem. Heit sei: "Ik bin sa gripich en sa heal." Wytseboer sei: "Dan gau in pikelhearring." Hy forkocht in pear pikelhearrings oan heit en dy iet der ien fan op. Mar hy woarde rotsiik. Hy krige swiere koartsen.
In wike dêrnei kom Wytseboer wer. Hy hie wer pikelhearrings by him. Hy frege heit: "Hoe is 't mei dy?"
"Dat silst wol wite," sei heit, "dû hast my de koarts oandien. Ik mat mar in pikelhearring ha, mar dan mastû my de koarts wer ôfnimme."
"Hwa mat de koarts dan ha?"
"Dat kin my neat skille, as ik him mar kwyt bin."
"Dan dy tange mar," sei Wytseboer, "dy hat it wol oan tiid."
Doe die er de koarts op 'e tange oer. Heit wie genezen, mar de tange trille as in blêd oan 'e beam.

Beschrijving

Wytseboer loopt te venten met gepekelde haring. Hij komt bij het huis van de verteller en krijgt een kopje koffie. De moeder is een beetje grieperig en koopt een paar haringen tegen de ziekte. Ze eet er eentje op. Ze krijgt een hevige koortsaanval. Als Wytseboer de volgende week weer bij haar langskomt met haringen, zorgt hij dat de koorts verdwijnt.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 14, verhaal 14

Commentaar

3 februari 1966

Naam Overig in Tekst

Wytseboer    Wytseboer   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21