Hoofdtekst
In nachtmerje komt ta 't slotsgat yn.
Op in kear kom der in nachtmerje by in widner mei trije bern. Dy man hie moal op it gesicht struid en doe koe dy nachtmerje net wer fuort komme. De oare moarns wie se noch by him yn 'e hûs.
"Jo ha my fangd", sei se tsjin 'e widner. Sy koe net wer fuort komme, hwant sy hie moal oan har en in nachtmerje mei neat meinimme.
"Wolst myn wiif wurde en goed op 'e bern passe?" frege er.
Doe is er mei har troud. Sy soarge goed foar de trije bern.
Mar op in kear lei se stiennen op 'e hurd.
"Hwat docht mem dêr?" fregen de bern.
"Ik liz in fjûr oan fan stiennen", sei se. "En dan gean ik fuort. En ik kom net earder wer of dy stiennen matte earst opbrând wêze."
Mar dat is noait gebeurd fansels en sy is noait wer kom.

Onderwerp
Sinsag 0784 - Wie läuten die Glocken in England?!   
Beschrijving
Een nachtmerrie kan door het sleutelgat heen komen. Op een keer komt een nachtmerrie bij een weduwnaar met drie kinderen. De man strooit meel op de nachtmerrie en vangt haar op deze manier. Ze wordt zijn vrouw en zorgt goed voor de kinderen. Op een dag legt de vrouw echter stenen in de haard die ze in brand steekt. Ze verdwijnt en zal niet meer terugkomen voordat de stenen uitgebrand zijn. De stenen zijn echter nooit vanzelf uitgegaan.
Bron
Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 15, verhaal 1
Commentaar
10 februari 1966
Wie läuten die glocken in England? Mann heiratet Mahr.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21