Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001519

Een sage (mondeling), donderdag 10 februari 1966

Hoofdtekst

Us mem hat in min leven hawn by har skoanmem.
Dy hat har hwat ôfpleage. 't Wie in hiele minnenien. Sy kom ek net yn tsjerke. En sy woe ús in forkearde opfoeding jaen. Se learde ús de falske 10 geboaden. Guon dêrfan wienen:
Steelt eerdat gij gebrek krijgt.
Doet valse getuigenis, opdat ge geld krijgt.
Fóár har dea sei se: As ik kom to forstjerren, dan mei der gjin klok foar my let wurde. As se it àl dogge, dan hoopje ik, dat de bongel út 'e toer falle sil. Sy kom yn Surhuzum op it hôf.
Doe't de klok de earste slach hearre liet, doe foel de bongel út 'e toer.
Fóár har dea sei se tsjin ús mem: "Dû silst ek noch lêst fan my ha, as ik der net mear bin."
Sa is 't ek gebeurd. Sy hie al in skoftsje dea west, doe kom se op in jountiid by mem en heit by de tafel sitten. Se wie yn 't wyt.
Der stie in taffeltsje tsjin 'e muorre oan mei fjouwer laden der yn. Yn ien fan dy laden sieten 60 gounen. Sy sei: "Dat taffeltsje mei net forkocht wurde en it jild mat der yn bliuwe."
Op in oare kear hong se mei in lange swannehals oer de ûnderdoar hinne. Mem seach har earst net. Mar doe sei heit: "Sjoch dêr ris. Dêr is se wer." Se seach mem stiif oan.
Mem kom tichterby en sei tsjin har: "Hastû my yn 't leven net genôch kastijd? Bliuw dan by de deaden."
Doe sei heit tsjin mem: "Is der ek noch mear datst sizze wolste?"
"Né", sei mem.
Doe is beppe net wer sjoen woarn.

Onderwerp

Sinsag 0450 - Andere Tote spuken.    Sinsag 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

De schoonmoeder van onze moeder is een moeilijk persoon geweest. Ze ging niet naar de kerk en ze heeft geprobeerd om de kinderen de verkeerde geboden aan te leren. Na haar dood heeft ze nog een aantal problemen veroorzaakt en is ze nog een aantal keren terug gekomen.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 15, verhaal 1

Commentaar

10 februari 1966
Andere Tote spuken

Naam Locatie in Tekst

Surhuzum    Surhuzum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21