Hoofdtekst
Jan Hepkes fan Surhústerfean hie ris nei it bûtenlân achter Ljouwert ta west to meanen by in boer. Hy koe allerduvelst meane neffens syn sizzen. De seine stie noait stil.
Syn maet stie nou en dan wolris to striken, mar Jan Hepkes meande fûl troch.
"Hoechstû noait to striken?" hie syn maet al in pear kear frege.
Jan Hepkes woe net eigenwiis wêze, sa't er sei, dat om healweialven sahwat tocht er: "Nou, foruit, dan mat ik ek mar ris strikelje."
Mar doe't er syn seine biseach, seach er, dat de sek der noch omhinne siet. Sa hied er de hiele moarn oan 't meanen west. Sa'n baes meander wie it!

Beschrijving
Jan Hepkes is een hele goede maaier. Hij slijpt nooit zijn zeis. Op een keer heeft hij een hele morgen staan maaien terwijl de zak nog over zijn zeis heen zat.
Bron
Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 16, verhaal 14
Commentaar
18 februari 1966
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert (Leeuwarden)   
Surhústerfean (Surhuisterveen)   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21