Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001903

Een sage (mondeling), maandag 07 maart 1966

Hoofdtekst

Myn oerbeppe wenne op 'e Teijen ûnder Drachten. Sy wie troud mei Errit Errits de Jong. Se seach en hearde allerhande dingen foarút. Har man woe dêr neat fan wite en leaude der net oan, mar it kom altyd nei, hwat se sei. Op in kear sei se: Fannacht haw ik heard, dat se foar hûs yn 'e linebeammen omsagen. Har man wie werkelik fan doel dat de oare wyks dwaen to litten. Mar hy tochte, nou lit ik de takken ris net ôfsaegje, mar ôfkappe. Dat gebeurde. De arbeiders bisnoeiden de linebeammen mei de bile. Sa hie de boer it tsjin har sein. Mar doe wie der ien takke by, dy bruts hwat raer ôf. De arbeider tocht: dy mat ik hwat bysaegje. Hy krige de sage en dat gebeurde. Doe sei oerbeppe tsjin oerpake: Hark. Dat is itselde lûd, dat ik lestennachts yn 'e linebeammen heard ha. Sa krige se dochs noch gelyk.

Onderwerp

SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht    SINSAG 0489 - Das zweite Gesicht   

Beschrijving

De overgrootmoeder van de verteller ziet dingen die in de toekomst gebeuren. Ze ziet dat de lindeboom voor het huis wordt gezaagd. Dat is de overgrootvader inderdaad van plan om te doen. Deze gaat in plaats van zagen nu kappen. Een tak kan echter niet gekapt worden, en wordt afgezaagd. Nu heeft de overgrootmoeder toch nog gelijk.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 19, verhaal 3

Commentaar

7 maart 1966
Das zweite Gesicht

Naam Overig in Tekst

Teijen    Teijen   

Errit Errits de Jong    Errit Errits de Jong   

Naam Locatie in Tekst

Drachten    Drachten   

Hark    Hark   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21