Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ001907

Een mop (mondeling), maandag 07 maart 1966

Hoofdtekst

Poepeteltsjes:
Der wie in frou, dy brocht har eigen man altyd iten yn 'e mieden. Dat wie waerm iten en 't siet yn in pôt. Twa poepen seagen dat. Se seagen de wazem út it iten kommen.
Hwat ha jo dêr? fregen se.
In pôt mei waerm iten, sei se. Dat is foar myn man.
Dêr hienen dy beide poepen ek wol sin oan. Sy fregen of sy dy pot keapje koenen. Hwant it like har moai ta, dat se yn 't skoft waerm iten krije koenen. Doe kochten se dy pôt foar in grou stik jild.
Sy dienen der de oare deis iten yn en setten him del yn 't gjers. Doe't it tolve ûre wie, seinen se: Nou matte wy mar ris sjen of it miel al waerm is.
Mar it iten wie kâld.
Doe waerden se deilis. Hoe koestû sa stom en keapje dat ding, sei de iene.
Dû wiest der ek by, dan hiestû 't mar keare matten, sei de oare. En sy krigen noch mear spul.
Dêr dan mei dat smarge ding sei de iene en hy skopte de pôt yn 'e feart.
Mar doe bigoun it wetter to bûlgjen. Doe sei de iene tsjin 'e oare: Kiek Jan, nu kookt den donders pot!

Beschrijving

Twee mannen kopen van een vrouw een pot waarin eten warm wordt. Ze doen er eten in en om twaalf uur proeven ze of het warm is. Maar het is koud. Ze gooien de pot in het kanaal. Dan begint het opeens te koken.

Bron

Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 19, verhaal 7

Commentaar

7 maart 1966

Naam Overig in Tekst

Poepeteltsjes    Poepeteltsjes   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21