Hoofdtekst
Lutske wenne to Houtigehage. Sy wie in tsjoenster. De minsken koenen it wol oan har egen sjen, dat wienen fan dy spleetsjes, krekt as katte-egen. Sy foroare har ek faek yn in kat. Op in kear hie se in bern fan Ritske Aeltsje deatsjoend. It bern hie 3 krânsen yn 't kessen. Dy hie Lutske dêr yntsjoend. Ritske Aeltsje hat dernei altyd duveldrek ûnder 'e drompel hawn, doe koe Lutske der net mear yn komme. Sy hat it wol prebearre, en sy makke wylst hiele rare gelûden, mar sy koe net oer de drompel hinne komme. Ek hat Aeltsje ris in krús op 't paed makke mei in stok. Doe koe se dêr ek net oerhinne komme.
Onderwerp
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Lutske is een heks. Zij heeft het kind van iemand betoverd. De moeder legt vervolgens altijd duivelsdrek op de drempel. Lutske kan hier nu niet meer komen.
Bron
Collectie Jaarsma (archief Meertens Instituut), verslag 20, verhaal 1
Commentaar
6 maart 1966
Duiveldrek als afweer
Naam Overig in Tekst
Lutske   
Ritske Aeltsje   
Naam Locatie in Tekst
Houtigehage   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
