Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPRIN205 - De dominy en it waer

Een mop (boek), woensdag 13 december 1972

Hoofdtekst

[p. 306]
De dominy en it waer

In kandidaet yn 'e theology wie al in pear jier klear, mar hy krige gjin plak. Hy preke hjir en dêr wol ris op birop, mar it waerd him noait - och, it wie hwat in stadige preker en de kandidaten wiene rom.
Op in snein preke er foar in fakante gemeente earne djip yn 'e Wâlden. Nei de

[p. 307]

tsjinst petearre er noch hwat mei de tsjerkerie. Hy fornaem wol dat se nou net sa botte optein wiene oer syn talint, mar, sa lieten se him mei hwat oare wurden forstean, syn gebedsgave wie goed. Hy hie it wiif klear, se hie wylst er yn Kampen op 'e stúdzje wie jierren op him wachte, dat hy woe, ek om har, bittere graech dit birop ha. Dat, doe't se dat oanroerden fan syn bidden, doe seach er syn kâns. ‘Ja’, sei er, ‘en dêr sit noch mear oan fêst as jimme tinke. Sjoch, ik ha dat ûntfongen - as ik hjir of dêr om bid, dan komt dat meastentiids nei. Sjoch, it is hjir in boerestreek. As jim bygelyks forlet fan moai waer hiene, dan soe ik sa bidde kinne, dat jimme dat ek krigen’. Hy waerd dêr biroppen. Hy troude, en doe't er syn yntrek yn 'e pastorij naem, waerd er suver ynhuldige.

Hy wie in lokkich man. Allinnich ien ding siet him wol hwat dwers: hoe moast er syn tasizzingen oer it waer aensen wier meitsje? Mar doe't er dêr in nacht wekker fan lein hie, sei er by himsels: Dit rêd ik der wol ôf mei in bytsje polityk - alle minsken hawwe ûngelikense bigearten. En hy sliepte noch in gat yn 'e dei.

It duorre net lang doe kaem der in rite droech waer. Nou moat it wêze, ornearre er. Yn 'e moarnspreek forsocht er de minsken om de middeis allegearre in briefke yn 'e kollekteskael te dwaen, hokfoar waer oft se ha woene; dan soe hy dêrom bidde. It reinde briefkes dy middeis. It earste stie op: graech sa gau mooglik wetter. De skriuwer fan it twadde wie sa hastich net: nou né, fan 'e wike noch net, mar oft dominy bidde woe dat it yn nije wike reinde, en dan leafst tiisdei, hwant moandei soe er mei de frou út to fytsen. Dan wie der ien, dy skreau: né, né, bileaven gjin reinwetter; hy wie let mei de ûngetiid, dat sadwaende. As it mei in fjirtjin dagen ris reinde, wie it ier genôch, en dan de woansdeis, nei de wykmerk. Sjoch, sa gong dat mar troch. De tsjerkeried stinde der wakker op om. Se koene der net folle mei wurde, hwant alle sinnen wiene ûngelyk. Dat ta eintsjebislút sei dominy: ‘Jim hawwe it sels sjoen, bruorren. Ik soe sizze, sille we it mar oan de Heare oerlitte? Hoe liket jim dat ta?’ Se bleauwen allegearre it antwurd skuldich. De man hat dêr fjouwerentweintich jier stien.

Onderwerp

AT 1830 - In Trial Sermon the Parson Promishes the Laymen the Kind of Weather they Want    AT 1830 - In Trial Sermon the Parson Promishes the Laymen the Kind of Weather they Want   

Beschrijving

Een kandidaat-dominee wordt ergens aangenomen, omdat hij bepaald weer kan afdwingen. Je moest dan je wens in het kerkezakje doen. Maar omdat die wensen nooit hetzelfde waren, kwam er geen één uit. Daarom zei de dominee: ‘zullen we het maar aan de Heer overlaten?’

Bron

Ype Poortinga: De ring fan it ljocht. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1976, p. 306-307

Commentaar

Ook voorgedragen in het radio-programma 'Vonken onder de As' in juli 1976

Naam Locatie in Tekst

Wâlden [Wouden]    Wâlden [Wouden]   

Plaats van Handelen

Fryske Wâlden    Fryske Wâlden