Hoofdtekst
[p. 97]
De misledige deaholle
Der wie in man, dy neamden se de achtkantige boer. Hy wie smoarryk en hy joech nearne om. Op in kear gong er op reis, mei syn feinten en syn wiif, in hiele protte minsken. Se rieden in ein fuort en doe kamen se by in âld tsjerkhôf. Hy woe dêr ris
[p. 98]
op sjen en doe foun er dan in deademinskeholle. En doe skopte er dy minske holle oerside, mei skimp en spot en dikke wurden. Hy sei, as der dan noch libben nei de dea wie, noege er him, de deade, de jouns op it miel en it gelach. Dan siet er mei folk en freonen yn 'e hûs.
En de jounes wiene se oan 'e wyn en it gong der fleurich om wei. Doe hearden se klopjen en roppen oan 'e doar. Hy rôp werom: ‘Hwa duvel mei dêr wêze?’ In stim antwurde, hy moast dêr yn 't selskip wêze, hwant hy wie noege om ek mei wyn to drinken. Doe gong der ien hinne om iepen to dwaen, mar dy skrille tobek. En deselden dy't by him sieten, seagen wol, dat it net doogde. ‘Né’, rôpen se, ‘né! Siz dat allegearre dy't noege binne, hjir al sitte’. Doe sei de achtkantige boer: ‘Né, ik wol der gjin mins mear yn ha!’ Mar hy kaem der yn, it wie in spoek, en hy krige daelk in romerfol, sûnder genoegen, hwant elk wie stjerrende binaud, en hy dronk it út. Doe pakte er de achtkantige boer en it gong op in fjochtsjen en slaen. Mar de boer syn kammeraten sloegen it spoek der út. Mar doe kaem it noch ris wer, mei gleone eagen, en it pakte de boer op 'e nij. En se sloegen it der wer út. Mar doe't se de achtkantige boer biseagen, wie dy hielendal forkniesd en forknypt. En hy wie dea.

Onderwerp
AT 0470A - The Offended Skull (Statue)   
SINSAG 0411 - Toter zu Tisch geladen.
  
SINSAG 0454 - Kampf mit einem Spuk.
  
Beschrijving
Een rijke boer schopt op het kerkhof tegen een schedel en zegt: 'Als er leven is na de dood, kom dan maar op bezoek.' De eigenaar van de schedel komt en het wordt de dood van de boer.
Bron
Ype Poortinga: De ring fan it ljocht. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.] 1976, p. 97-98
Commentaar
Ook voorgedragen in het radio-programma 'Vonken onder de As' in juli 1976
Naam Overig in Tekst
Achtkante Boer   
de Achtkante Boer   
Achtkantige Boer   