Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

VODA_014_05

Een mop (mondeling), juli 1976

Hoofdtekst

It wie op in middei’, sei Jan, ‘ik hie hwat dauwjirms dold en ik lei fredich yn 'e feartswâl, mei it angeltsje by my. Ynienen tocht ik: ‘hea, hwat is dêr in biweging yn 't wetter.’ It bare en die, wylst it moai stil waer wie. Op 't lêst, ik moast sjen, dat ik by de wâl op kaem, mar ik hie 't wetter yn 'e klompen, hwant de baren sloegen oer 't paedtsje. Ik sei, dêr sylt dy dikke snoek foarby, dy't har op Reaskuorre by 't skutten ûntkommen is. Ik tocht, hy wol werom nei Reaskuorre … mar op 'e hoeke fan de Boukewyk dêr swaeide er en hy kaem myn kant wer út. Ik seach him. Och, och, stikels op 'e rêch en in krol yn 'e sturt. Hy tilde de kop op. Ik tocht, krekt in walfisk, dy moatte sa nou en dan de bek ek boppe wetter ha en dan happe se nei lucht. In pear eagen hie er yn 'e kop, en ôfgryslike tosken yn 'e bek! Ik frege my ôf: ‘soe 'k sa'n ûndier wol b- op 'e wâl krije kinne?’ Mar jandoazjemy, hy seach my ris gemien oan, en ta myn grutte skrik: hy kaem by de wâl op en rjocht op my ôffe! En ik rinne. Oer hikken, troch sleatten, oer diken en dammen sa hurd as ik koe en hy my achternei. En hy koe my birinne. Op 't lêst, ik hearde him efter my hymjen en de stank út syn bek koe 'k rûke. Hy hie my ek al even by de broek. Ik tink: ‘bliksekater Jan, dit wurdt dyn dea!’ Mar aldergeloks, midden yn 't lân stie in heabult en dêr bin 'k as de wjerljocht by op sketten. Ofgryslik, hwat hie er doe rare eagen yn 'e kop. Wy ha inoar strak oansjoen, hy my en ik him. Ik tocht: ‘dou krigest my net!’ Doe fregen se him: ‘Mar Jan, koe er dy dêr dan net binei komme?’ ‘Né’, sei er, 'it wie gjin kou. Jim tinke doch net dat in snoek hea fret! Hy hat him ôfjown, dat út nei Reaskuorre. Hy sil oare kant de slûs to wetter gongen wêze. En wier is ‘t.

Onderwerp

AT 1960B - The Great Fish    AT 1960B - The Great Fish   

ATU 1960B - The Great Fish.    ATU 1960B - The Great Fish.   

Beschrijving

Een grote snoek achtervolgt Jan, tot hij in veiligheid komt op een hooiberg, want snoeken eten geen hooi

Bron

Radio-uitzending Vonken onder de As (NOS)

Commentaar

Ype Poortinga leest deze selectie uit het verhaal 'Snoeken' voor uit 'De Ring fan it Ljocht' (p. 398) met minieme wijzigingen. Hij leest voor in het Kleifries.

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Naam Locatie in Tekst

Roodeschuur    Roodeschuur   

Plaats van Handelen

Roodeschuur    Roodeschuur