Hoofdtekst
Doe't God de wrâld klear hie makke er ta bislút in minske en neamde him Adam. Adam hie it ynearsten skoan nei 't sin yn it paradys, hwant alles hwat er seach wie noch nij foar him. Nei in setsje lykwols gong de niget der hwat ôf en woe er doch wol hwat oanspraek en selskip hawwe, en hy sleat freonskip mei in fûgel. Dy fûgel hie in stim dy klonk sa moai as de stim fan in ingel. De hiele dei … siet er Adam op 't skouder en song it heechste liet. God ornearre dat Adam doch ek noch selskip ha moast fan in frou en hy makke Eva. Fan it momint ôf dat Eva by him wie taelde Adam net mear nei syn freon de fûgel.
Op in dei dat Eva mei de earms om syn skouders by Adam op 'e skurte siet, koe de fûgel him net mear bidimje. Yn syn oergunst en lilkens bigoun er ûnhjirmlike falsk to krassen en to tjirgjen … Eva hie noch nea sokke rare gelûden heard. Se sloech de hannen foar de eagen en wie alhiel fan 'e wize. Mei't se ek noch bigoun to skriemen waerd Adam sa mâl dat er tsjin 'e fûgel sei: 'Omdatstou gjin aerdichheit haste oan hwat my it alderleafste is, en omdatstou dyn stim misbrûkt haste om har oan 't skriemen to bringen, sil dyn stim nea wer ûnder de sinne heard wurde'. De fûgel bisocht om to sjongen, mar hy wie syn stim kwyt. Ek syn skaei … hie gjin lûd mear en moast swijend troch it libben. Se skammen har foar de oare fûgels en oerdeis krûpten se út 'e wei yn rûchte en heide, mar in it tsju- as it tsjuster wie gongen se der op út om iten to sykjen.
Tiden forrounen. Doe op in nacht seagen inkele fan dizze fûgels in great ljocht oer de wrâld kommen. De himel gong iepen en tûzenen ingels [blad slaat om] songen in himelsk liet, omdat Kristus op ierde kommen wie. De fûgels hearden it en tochten: 'Nou wurdt alles nij!' Se stieken fol bitrouwen de kopkes omheech om mei to sjongen. God seach it, en iepene har de kieltsjes en oer de hiele wrâld klonk in himelsk liet fan fûgelstimmen, dy't mei de ingels songen ta eare fan Kristus. God sei tsjin de fûgels: 'Omdat jimme dizze nacht sjonge woene yn bitrouwen dat myn soan alles nij meitsje sil, dêrom jow ik jim it foarrjocht om dat foar altyd to forkundigjen. Adam hat sein, jimme stimmen soene nea wer ûnder de sinne heard wurde, mar ik skink jimme it lûd werom, en alle nachten meije jimme dat brûke ta eare fan myn soan'. Sont de nacht fan Kristus' komst op ierde sjonge de nachtegealen syn boadskip oer de hiele wrâld.
Beschrijving
Bron
Motief
A1275.8 - Why Eve was not made at first along with Adam.   
A2426.2.1 - Nightingale‘s song.   
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Adam   
Christus   
[Jezus Christus]   
God   
Eva   
Engelenkoor   
Nachtegaal   
Naam Locatie in Tekst
Paradijs   
Aarde   
Plaats van Handelen
Paradijs   

