Hoofdtekst
Lykstaasjes
Us mem stie as Iyts fanke op 'e buorren te Warten by in frou te praten. 'Ik ha 't hiel nuver sjoen', sei se. Dat wie in Iykstaasje en dy en dy, Iju dy't se koenen, rûnen der yn mei. Se koenen der út opmeitsje, op hokfoar pleats der dan in stjergefal komme soe. It wie in boer ûnder Wergea. Mar it frjemde wie, der rûn ien hynder fan'e boer foar de wein, mar it oare hynder koenen se net te plak bringe. Doe sei ús mem: 'Sa'n hynder hat de boer net'. En dat wie ek sa.
In goed healjier letter kaam it nei. De boerinne ferstoar. Doe wie it oan 'e begraffenis ta en in hynder fan 'e boer briek in poat. Wêr't se dat oare hynder wei hienen, wit ik net. Mar alles kaam krekt sa ut, as dy frou it in healjier tefoaren ús mem ferteld hie.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een vrouw vertelt dat ze een lijkkoets gezien heeft met twee paarden ervoor. Ze weet van welke boerderij de dode afkomstig is. Ze vertelt ook dat één van de paarden niet het paard van de betreffende boer is. Een jaar later komt dit verhaal precies uit. De vrouw van de boer sterft, en één van de paarden voor de koets is geleend, doordat het paard van de boer zijn been heeft gebroken.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 135
Commentaar
4 februari 1972
Leichenzug gesehen
Naam Locatie in Tekst
Warten [Wartena]   
Wergea [Warga]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20