Hoofdtekst
Lykstaasjes
Myn pake en beppe, âlde Alle Bijma en Fokje, wennen yn 'e Harkema. Op in kear stienen se efter 't hûs te praten mei Kees Arjens. Ynienen sei beppe: 'Sjoch, dêr komt in Iykstaasje oan! Sjoch, twa mei hege huodden op—fiif manlju en trije froulju'. Se wienen al oan 't Skeanpaad ta, doe sei se: 'Hea, dêr gean se skeanoer!' 'Dat kin net', sei pake. Mar Kees Arjens ornearre: 'Och, dat wit men net, Alle'.
Mar in jier letter dêr stoar har buorman. In dominy fan 't Surhústerfean hie de foargong, dy hie 't wol wat yn 'e holle en ús pake en Kees Arjens moasten tafeltsjinje. Doe wienen se oan 't Skeanpaad ta en doe sei dominy: 'Laat het lijk de weg maar om passeren, wij lope schuins over'. Doe sei Kees Arjens tsjin ús âlde pake: 'Sjochst no wol, Alle! Dêr giet it hinne'. It kaam krekt sa nei as beppe it sein hie.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Een opa en oma zien een lijkstoet met vijf mannen, drie vrouwen, en twee mensen met hoge hoeden op. Oma zegt dat de stoet de weg schuin over steekt. Opa gelooft het niet, maar een jaar later zien ze precies dezelfde stoet schuin over de weg heen gaan.
Bron
Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 136
Commentaar
24 november 1971
Leichenzug gesehen
Naam Overig in Tekst
Alle Bijma   
Fokje (Bijma)   
Kees Arjens   
Skeanpaad   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Surhústerfean [Surhuisterveen]   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20