Hoofdtekst
Yn Wâldsein wenne in âld minske. Se wie ris op reis west en gong mei it fearskip fan Lemmer nei Wâldsein werom. Op 'e Sleattemer mar komt de skipper yn 'e kajút, mar giet ûntsteld wer nei boppen en seit tsjin de feint: “Dit is ek hwat! It minske is dea, der is gjin libben mear yn to krijen”
Mar doe se yn Wâldsein oanleijen, kaem it minske út 'e kajút en roun gewoan oer de planke.
Dat like fremd. Mar noch fremder wie: de buorfrou hie in goed healûre foar dat se thús kaem, heart, dat se de kachel oansette. Se hie noch tocht:
“Kom, buorfrou is ek wer thús.”
Dat wie Sytse Sikkes syn mem. En Sytse Sikkes wie al in âld man, doe ik in jonge wie. It hat him dus ôfspile sa om 1840 hinne.

Onderwerp
SINSAG 0580 - Andere Hexenkünste   
Beschrijving
Oude vrouw lijkt dood te zijn, maar loopt na aankomst van schip van boord. Haar buurvrouw hoort haar voor thuiskomst de kachel aanzetten.
Bron
Collectie Wouda, verslag 23, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Sytse Sikkes   
Naam Locatie in Tekst
Wâldsein   
Woudsend   
Sleattemer mar   
Slotermeer   
Lemmer   
Plaats van Handelen
Woudsend   
Kloekenummer in tekst
F003p   
F038p