Hoofdtekst
Myn oerpake, de reder, moast minsken ha foar syn kustfaerder. 't Wie sels in correcte kearel: gjin sterke drank of sa. Hy kaem op in joun, op syk nei folk, yn in kroechje to Wâldsein, hwer fjouwer matroazen sieten to kaerten. Se woenen in flesse drank ha, mar de hospes woe 't har net jaen; 't jild wie ek op.
Doe sei ien fan harren: “Wy stjûre skoppenfrou om in flesfol” en hy goaide skoppenfrou onder de tafel en sei: “Helje op in flesse drank.” In skofke letter waerd der kloppe op 'e doar. Se seinen tsjin dy man: “Dou moatst der hinne.” Hy woe net en doe gong de tútlampe sa mar út. De oaren waerden deabinaud en seinen: “Der hinne en oars slaen wy dy dea.” Doe gong er, kaem my skoppenfrou en in flesse drank werom en de lampe bigoun sa wer to brânnen. Mar hy woe net sizze fan wa er it krigen hie. Se tochten allegearre: fan de duvel.
Dit spile him ôf tusken 1790-1795.

Onderwerp
SINSAG 0685 - Pikbube als Helfer.   
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Kaartspelers laten schoppenvrouw fles drank halen. Na kloppen op de deur weigert waard de fles aan te pakken, waarop de olielamp uitgaat. Na aanpakken van de fles begint de lamp weer te branden.
Bron
Collectie Wouda, verslag 23, verhaal 11 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Wâldsein   
Woudsend   
Plaats van Handelen
Woudsend   
Kloekenummer in tekst
F003p