Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE144b - Wopke Brúnsma

Een sage (boek), vrijdag 21 oktober 1977

Hoofdtekst

Wopke Brúnsma
As Wopke Brúnsma nei in pasjint ta moast, dan stie er moarns yn 't bûthús ûnder in elektryske lampe en de krêft dy't út dy lampe kaam krige er yn him. En as er dan genôch hie, gong er earst nei tsjerke, nei de iere mis. Dêrnei gong hy der op út mei syn krúske en dan koe er de minsken better meitsje.
Hy hat ris by myn broer yn Gaast west, dêr hienen se in ko, dy hie de sturt brutsen. It wie in bêste ko en de sturt hong bryk. Wopke der by, en lêze en strike en it krúske brûke. En de oare deis wie de sturt rjocht.
Doe sei Theodoar, myn broer: 'Kinne jo myn frou ek helpe, want dy begjint hielendal bryk te rinnen?' 'Mar ris sjen', sei Wopke en dy gong mei nei Minke. Wopke ek strike en bidde, en 't krúske en sa. Hy bidde ek wol mei it krúske yn 'e mûle. Mar Minke sei: 'Och, wat soe 't wêze, wat soenen jo!' Doe holp it net, wat Wopke ek oan har die.

Onderwerp

TM 4302 - Volksgeneeskunde    TM 4302 - Volksgeneeskunde   

Beschrijving

Een wonderdokter kan zijn patiënten genezen door 's morgens voor een elektrische lamp te gaan staan en zo de benodigde energie te verkrijgen. Wanneer een goede koe zijn staart heeft gebroken, wordt de wonderdokter erbij gehaald. Die streelt en aait de koe, en gebruikt zijn kruisje. De volgende dag staat de staart weer recht.
Een man heeft dit verhaal gehoord en vraagt of de wonderdokter zijn vrouw beter kan maken. De dokter gaat mee, gebruikt zijn kruisje en begint te bidden. De vrouw gelooft niet dat hij haar beter kan maken, en daardoor lukt het hem inderdaad niet.

Bron

Y.Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 149

Commentaar

21 oktober 1977
Volksgeneeskunde

Naam Overig in Tekst

Wopke Brúnsma    Wopke Brúnsma   

Theodoar    Theodoar   

Minske    Minske   

Naam Locatie in Tekst

Gaast    Gaast   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20