Hoofdtekst
Twa mannen gongen op in joun to murdejeijen. De houn fleach op in hikke ta, mar kaem der jankjende wer wei. De beide mannen kamen by de hikke en seagen dêr in gedaente op 'e hikke, dat frjemd like en dat fan foarm en stâl wie dat hja net thúsbringe koene.
De iene sei: "Kom mei, wy gean hjir wei, dit doogd net".
De oare, lykwols, wie net bang en woe der sines fan ha. Hy gie der op ta en lei de hân op it ding, dat hurd oanfielde.
Hy ûnderhelle de kantskeppe en sloech der opyn. Hy rekke neat, en it spoeksel wie fuort en nearne to bikennen.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Mollenvangers zien 's avonds op een hek een vreemde gedaante zitten. De ene legt z'n hand op het ding dat hard aanvoelt. Hij slaat op de gedaante, maar raakt niets, en het spook is verdwenen.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 6, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)