Hoofdtekst
By âlds, yn 'e earste tiid fan de herfoarming, mochten de roomken gjin misse hâlde. Dat barde dan wol tomûk. Oer Flânsum, in ploechje pleatsen tusken Jirnsum en Raerd, roun in binnenpaed. Oan 'e Jirsumerkant moat to Flânsum eartiids in kleaster stien ha. Letter stie dêr de stampleats fan de Haringsmas, dy't alear fan adel wienen. Ien fan dy Haringsmas hat dr. Eeltsje Halbertsma ynspirearre ta it forhael "De Jonkerboer".
Yn de tiid dat men net misse hâlde mocht waerd der jouns by de pleatsen op Flânsum kloppe. Oan it tal klopkes koe men dan hearre op hokker plak de misse hâlden waerd. Men neamde dat de "klopkes".
Yn de tiid dat men net misse hâlde mocht waerd der jouns by de pleatsen op Flânsum kloppe. Oan it tal klopkes koe men dan hearre op hokker plak de misse hâlden waerd. Men neamde dat de "klopkes".
Beschrijving
Na de hervorming moeten katholieken in het geheim de mis lezen, aantal kloppen op deuren geeft aan waar de mis wordt gehouden.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 9, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Haringsma   
Eeltsje Halbertsma   
De Jonkerboer   
Naam Locatie in Tekst
Flânsum   
Jirnsum   
Irnsum   
Raerd   
Rauwerd   
Plaats van Handelen
Flansum   
