Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA001006

Een sage (mondeling), maandag 27 september 1965

Hoofdtekst

Foar in pear jier siet Roel Oord yn 'e keamer to slûchjen, doe't er ynienen klear wekker waerd trochdat er leven en lawaei yn ’e keuken hearde. Der waerd lûd praten en lake, hy hearde ek froulju's lûd. Doe't Oord der hinne gyng, wie der neat. Hy wist net hoe't er it hie, en stie noch even forbjustere om him to sjen. Doe seach er Aile van der Meulen dêr stean. Aile wie allang wei. Oord sei: bistou dat Aile? De man knikte fan "ja". Doe er even fan siden seach, stie der noch immen. Dat wie Durk, in sweager fan Oord en in broer fan Aile, hy wie ek allang dea. Durk, by syn libben tige krebintich, seach der fleurich út; hy glimke tsjin Oord. Hy wie kreas yn 't habyt. Doe’t Oord wer nei Aile sjen soe, wie dy fuort. Ek Durk wie doe wer fordwoun.
De beide mannen wennen destiids to Terwispel en kamen nea to Skarsterbrêge by har libben.

Onderwerp

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Thuis ziet en spreekt verteller met zwager en diens broer die lang geleden zijn overleden en nooit bij hem thuis kwamen.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 10, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Roel Oord    Roel Oord   

Oord    Oord   

Aile van der Meulen    Aile van der Meulen   

Aile    Aile   

Durk    Durk   

Naam Locatie in Tekst

Terwispel    Terwispel   

Skarsterbrêge    Skarsterbrêge   

Scharsterbrug    Scharsterbrug   

Plaats van Handelen

Scharsterbrug    Scharsterbrug