Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA001105

Een sage (mondeling), donderdag 07 oktober 1965

Hoofdtekst

Pastoar Westers, dy't hjir om 1880 hinne op 'e Jouwer stie, koe almeugende hurd ride. Hy boun him op yn 'e Keakelsteech en wie yn twa streken op 'e Hurdspytsje.
Hy is ris opriden mei in man, dy’t as in bêste hurdrider bikend stie. De man riidt sa hurd as er koe, mar de pastoar hâlde him maklik by. De man hie wol folle fan pastoar Westers heard, mar koe him net. Letter sei er: 'Ik wit net mei hwa't ik opriden bin, mar as it de duvel net wie, dan wie it pastoar Westers.
Pastoar Westers is ek ris mei twa hurdriders opriden, dy't nei Dokkum soene to hurdriden. Hja seine: as Jo der ek meidogge, kin wy wol wer nei hûs gean.
Yn 1881 hat der in greate brân op 'e Jouwer west. Pastoar Westers hat by dy ramp tige aktyf west en goed wurk dien.

Beschrijving

Verhalen over pastoor als hardrijder en weldoener bij brand.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 11, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Westers    Westers   

Keakelsteech    Keakelsteech   

Kakelsteeg    Kakelsteeg   

Naam Locatie in Tekst

Jouwer    Jouwer   

Joure    Joure   

Dokkum    Dokkum   

Plaats van Handelen

Joure    Joure