Hoofdtekst
Trije jonge froulju, soun en goed, kuieren op it tsjerkhôf to Wolvegea. Ien fan harren sei: "Hwa fan ús trijen hjir it earst komme sil". In oare sei: "Mûlk sil ik wol it earst oan bar wêze".
In frjirtsjen dagen letter waerd hja to hôf brocht.
In jonge arbeider to Haskerhoarne sei yn in petear mei in boer: "As soe ik nea wer iten ha, dat soe my net oerkomme". De boer hie dy arbeider in hoart net sjoen, en fornaem dernei oft de jongkeardel faeks siik wie. Ja, de arbeider hie it yn 'e kiel krige, koe der neat mear trochkrije en is optlêst forhongere.
Oer de Tsjonger ûnder Rotstergaest wie in man yn it lân oan it wurk, hy wie oan it meanen. Doe kaem der in swier waer opsetten. De man flokte en stiek de seine omheech. De wjerljocht sloech op de seine en de man foel dea del.
Beschrijving
Bron
Naam Overig in Tekst
Tsjonger   
Tjonger   
Naam Locatie in Tekst
Wolvegea   
Wolvega   
Haskerhoarne   
Haskerhorne   
Rotstergaest   
Rotstergaast   
Plaats van Handelen
Wolvega   
Haskerhorne   
Rotstergaast   
