Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA001607

Een sage (mondeling), donderdag 21 oktober 1965

Hoofdtekst

Van der Wal hat ris mei in oare man to murdejeijen west.
It wie yn 'e nacht om in ûre of toalf - ien. Hja wiene op 'e Gaesterdyk (Rotstergaest), in lange iensume wei, dêr't men sels oerdei net folle folk tsjin komt.
Wylst se dêr omstrúnden, seinen se tsjinelkoar: dêr koe wol immen oankomme. Dy persoan kaem tichterby en blykte in frommeske to wêzen. Hwat die dy hjir by neare nacht allinne op dizze iensume wei. De frou wie tige yn 'e pronk en hie in breed gouden earizer op en jewielen foar de foarholle.
It minske sweve mear as hja roun. Doe't hja de beide manlju foarbygie seine hja "goejoun", mar hja sei neat. Hja seagen har efternei en ringen wie hja út it each fordwoun.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.    SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   

Beschrijving

Mannen zien om middernacht vrouw zweven die hun begroeting niet beantwoordt en verdwijnt.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 16, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Van der Wal    Van der Wal   

Gaesterdyk    Gaesterdyk   

Naam Locatie in Tekst

Rotstergaest    Rotstergaest   

Rotstergaast    Rotstergaast   

Plaats van Handelen

Rotstergaast    Rotstergaast