Hoofdtekst
Doe't Jozef de Vries syn âldere broer sa’n foech jonge wie, gie er wol nei Gerke en Trui ta to earpelsykjen en fortsjinne dêr dan in stûrmannich mei. As er dêr dan hinnegie, kaem er it húske fan syn beppe (mem har mem) foarby, en gie dêr dan even oan.
Beppe frege: hwer sil er hinne, myn jonge?
Ik sil nei Gerke en Trui to earpelsykjen, beppe.
Nei Trui Pot, ik bigryp net dat jim mem dat lije wol.
It bin goede minsken, beppe, ik haw it dêr goed.
Ja - beppe wer - mar dat komt net goed, jim sil it meidertiid wol ûnderfine. Ik ha hjir in pûdtsje mei duvelsdrek, dat moast op it himd ha, dan kin der neat barre.
Dat gie oan, en doe't de jonge de jouns thúskaem, sei mem: hwat stjonkt it hjir alderheislikst. Doe fortelde de jonge hwat beppe sein en dien hie. Mem woe der neat fan witte.
Ik frege De Vries hwat guod dat wie, dy duvelsdrek. Hy wist it net, mar it stonk frijhwat. As hja gongen to fiskjen, smiten se it wol yn it wetter. De fisken iezen der tige op.
Onderwerp
TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   
Beschrijving
Bron
Naam Overig in Tekst
Gerke   
Trui   
Trui Pot   
Rottumer   
Jozef de Vries   
De Vries   
Rottumer Hegedyk   
Hoge Dijk   
Plaats van Handelen
Sintjohannesga   
Sint Johannesga   
