Hoofdtekst
Op 'e Pôlle by Rotsterhaule stie foarhinne in âld hûs, dat nou allang ôfbrutsen is. Dêr wenne destiids Franke de Graaf.
Dêr hiene se in spegel, dy't nou en dan samar fan it lewant foel. Dat joech dan sa'n klap, in lawaei as in oardiel, mar nea wie de spegel stikken, der mankearre neat oan. Men hong de spegel dan wer op, en it koe wêze dat der yn in hiel hoart neat barde. Oant op in stuit, ûnforwachts, dêr kaem it ding wer fan boppen mei in kabael as kaem alles fan it sté. It wie altyd itselde, mei langer of koarter skoften der tusken.

Onderwerp
SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   
Beschrijving
Spiegel valt regelmatig van de muur, maar er mankeert nooit iets aan.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 18, verhaal 9 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Pôlle   
Franke de Graaf   
Naam Locatie in Tekst
Rotsterhaule   
Plaats van Handelen
Rotsterhaule   