Hoofdtekst
De bern waerden, as se jouns net omlyk of net op bêd woene, bang makke mei: "Pas op, hear, oars komt Buteveld!" Mar ek de âlderen hienen it net op Buteveld en wiene skruten as se der jouns op út moasten. Lykwols, men seach him mar hiel komselden. Der waerd oer him praet en dat makke him ta in legendaryske figuer. Roelofje har beppe hat him ris metten.
Beppe roun mei de bôllekarre, dêr't hja de mulle sânwegen mei trochskou. Sa swalke hja troch de Hoarne, de Haske, it Wâld en lâns de binnenwegen nei de boerewenten en de arbeidersklinten. Hja forkoft ek lotten op goud- en sulverspul, en hja hie soms noch al hwat jild by har. It waerd faek let omt se hiele einen mei de karre ôflizze moast en der hjir en dêr ynnoege waerd. Strjitforljochting wie der bûtenút net en dan koe it op 'e paden yn 'e boskjes slim tsjuster wêze, mar beppe wie net bang en koe it paed wol dreame.
Hja wie sa op in kear wer let op paed. Hja kaem fan 'e Wyldehoarnstersingel en roun de Sewei lâns, doe't har in man op side kaem. Hy sei: Jo bin noch ek let op paed, wyfke, witte Jo wol hwa't ik bin.
Né, sei beppe, dat wit ik net en it kin my ek neat skele.
Nou - de man wer - dan sil ik it Jo sizze, ik bin Buteveld. Dêr sil Jo wol ris fan heard hawwe. Binne Jo nou net bang?
Beppe sei: hwerom soe ik bang wêze; Jo soene dochs net in âld minske dat bisiket in stikje brea to biskarreljen, fan kant bringe en bistelle.
Né - sei de man - dêr ha Jo gelyk oan.
Hy roun noch in ein mei har op, prate oeral oer en sei optlêst: nou frou, ik gean de oare kant op, goede reis fierder, en Jo fortelle de lju yn 'e Haske moarn mar dat Jo mei Buteveld oproun binne.
Lang dêrnei waerd der op kofjedrinkerijen en buorpraetsjes noch oer peteare dat beppe Buteveld moete hie.
Onderwerp
TM 3402 - De kinderschrik   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Buteveld   
Roelofje   
Wyldehoarnstersingel   
Wildehornstersingel   
Séwei   
Naam Locatie in Tekst
Hoarne   
Haskerhorne   
Haske   
Oudehaske   
Wâld   
Oranjewoud   
Plaats van Handelen
Joure   
