Hoofdtekst
Doe't it spoar fan Ljouwert nei Starum der noch net wie, reizge in man fan Warns op hûs ta. Hy wie mei in boat to Hylpen oankommen en hie in sek mei jild by him; papierjild wie der noch net. Immen, dy't mei him fan de boat kaem, hie de sek mei jild wol merkbiten, en tocht, dat wurdt mines. De frjemde roun mei him op en sei doe: ik moat dy sek mei jild mar oernimme. Hy naem de swiere fracht en soe werom. "Ho", sei de man, wylst er de oare stevich by de earm naem "dizkant op, ik moat nei Warns".
Doe't se to Warns wiene, sei er: "Sa is it goed, nou nim ik it wer". Hy wie de oare oermânsk west en kaem maklik mei it jild thús.
Doe't se to Warns wiene, sei er: "Sa is it goed, nou nim ik it wer". Hy wie de oare oermânsk west en kaem maklik mei it jild thús.
Beschrijving
Rover spreekt man met zak geld aan, neemt de zak over en wil weglopen, maar de eigenaar zegt dat hij de andere kant uit moet. Thuisgekomen neemt de man de zak weer over.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 24, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Starum   
Stavoren   
Hylpen   
Hindelopen   
Warns   
Plaats van Handelen
Warns   
