Hoofdtekst
Biesterveld
Heit en dy ha wol ferteld oer Biesterveld. Dat moat in troch ende wer troch grutte boef west hawwe. It wie oars mar in plat keardeltsje, mar hy stie foar ien moard net. Hy kaam út 'e bûtenlannen; se seinen wol fan út Hongarije. Hy wie hjir hingjen bleaun en moat yn Drachten en op 'e Gerdyk wenne ha. Op 'e Sweach hat er skearbaas west.
Se ha Biesterveld ris oppakt hân, doe hie er in keardel deastutsen en ûnder it iis treaun. Hy kaam thús en doe hie er it bloed yn 'e klompen. Se hienen him yn 't ferhoar, mar se koenen it him noait bewize en hysels woe fan neat witte. De rjochter frege him: 'Ha jo altyd itselde pakje oan, as jo op sokke gelegenheden útgeane?' Ja, doe die Biesterveld ek in fraach: 'Hat mynhear altyd deselde sliepmûtse op, as mynhear sokke strikfragen docht!' Hy wie goed by!
It wie in wreden hont. Alde Hylke Sloategraaf hat it mysels ferteld. 'Ik wie ris by Biesterveld te skearen. Der lei snie, it frear bot en de kachel stie gleonhjit. Doe wynde him dêr in jong kat om 'e fuotten, wylst er my skearde. Dat ferfeelde him; hy woe der ek net oer stroffelje mei it skearmes yn 'e hân, of op traapje. Doe skuorde er de kachelsdoar iepen en treau dy jong kat sa yn 't fjoer'.
Hylke syn broer Jelmer kaam by in dochter fan Biesterveld. Doe wie er thús ûnder tsjinst wei; hy hie ramplesant west en syn ramplesantesinten bard. Se krigen in hûndert gûne of trije, fjouwer hânjild, wol 'k leauwe. Dat hie er by him, doe't er dêr kaam, en Biesterveld waarde dat gewaar, miskien wol troch syn eigen fanke. No, earst in slokje, en doe woe er dat jild ha. Mar Jelmer is troch sleatten en fearten hinne thúskommen! En hy hat der noait wer west. En Jelmer wie gjin kwajonge; dat moatst net rekkenje!
Us beppe dy moast op in jûn nei Garyp om boadskippen. Ik kin jo wol sizze, wannear't dat west hat. Beppe wie achtentweintich jier en se wie fan achttjinseisenfyftich. Dan gong se de Skeanpaden oer en sa kaam se op 'e grutte wei. Op 'e weromreis rûn se de loane del, dat sil de Lútzensloane west ha, en doe wie der har ien fan efteren ynkommen en dy wie mei har delrûn. Wat prate en dit en dat, en op 't lêst sei se: 'Ik moat sjen, dat ik thús kom, want it is al knap tsjuster en se sizze, dat Biesterveld hjir yn dizze omkriten sit, en ik ha der gjin belang by om dy tsjin te kommen'. Efkes letter sei se: 'Hjir moat ik ôfslaan, dan bin 'k te plak'. 'No frou'sei er, 'gean mar gerêst nei hûs en sis mar tsjin jo man, dat jo mei Biesterveld delreizge binne, en dy docht jimme neat'. Oft it wier west hat, wit ik net. It kin fansels ek in skalk west ha, dat er sei: 'Ik bin Biesterveld'.

Beschrijving
Biesterveld is een beruchte (buitenlandse) boef, die werkt als barbier in Friesland. Vele verhalen doen over hem de ronde. Zo zou hij een man doodgestoken en onder het ijs gegooid hebben, een jonge kat in de kachel hebben gesmeten en het geld van zijn dochters verloofde Jelmer afhandig hebben gemaakt. Ook heeft hij waarschijnlijk de oma van de verteller van dit verhaal vroeger vergezeld tijdens een avondwandeling. Oma wist niet wie de man was en zei dat ze moest voortmaken omdat ze Biesterveld (die vaak 's avonds in die omgeving zou rondhangen) niet wilde tegenkomen. De man beweerde toen dat hij Biesterveld was.
Bron
Y. Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske Folksferhalen. Baarn (etc.) 1979, p. 163
Commentaar
23 oktober en 2 en 23 november 1978
De ontknoping van dit verhaal vertoont grote overeenkomsten met die van "Ik bin Okke van den Berg" ( YPFOE152). In beide gevallen verkeert het "slachtoffer" in de veronderstelling dat hij of zij niet te maken heeft de persoon die hij of zij voor zich heeft.
Naam Overig in Tekst
Sweach   
Hylke Sloategraaf   
Jelmer   
Naam Locatie in Tekst
Biesterveld   
Hongarije   
Drachten   
Gerdyk   
Garyp   
Skeanpaden   
Lútzensloane   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20