Hoofdtekst
Yn 1937 kaem Van de Wal syn mem to forstjerren. Van der Wal wie al jierren út 'e hûs en wist net folle fan sede en gebrûk yn syn berteplak. Dêr wie noch buorreplicht en de buorren hiene mem ôflein. Doe't de neistbisteanden der bykamen, fornuvere V.d. W. him deroer dat it lyk mei de fuotten bleat yn 'e kiste lei. Hy sei, moat dat sa, moat de fuotten net bidutsen wurde? Dy’t it lyk biklaeid hiene en ek de famylje, wiene mar min oer sok sizzen to sprekken. Wist hy dan net, hwerom hja dat sa diene. Né, hy hie der noch nea fan heard. Doe waerd it him forteld. As men it lyk yn syn gehiel biklaeide, dan soe de persoan by de opstanning mei de teannen yn it lekken biwuolje reitsje en dan komme kinne to fallen.
Beschrijving
Verbazing over blote voeten van dode in de doodskist. Uitleg is dat als de voeten niet worden vrij gehouden, de dode bij de opstanding met de tenen in het laken verstrikt kan raken en zal kunnen vallen.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 35, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Van de Wal   
Van der Wal   
V.d. W.   
Plaats van Handelen
De Wilp   
