Hoofdtekst
Bakker kaem mei syn jeijen en fiskjen wol folle let thús en wie sa op 'e lette joun, ja, yn 'e nacht faek noch op 'n paed.
Op in kear hied er jage op 'e Sondeler Leijen. Yn 'e nacht gie er op hûs oan. Syn hountsje Fike wie by him. By de Sondeler toer gie er skean it lân oer nei de Noarderreed, dêr't er wenne en noch wennet. As se sa ûnderweis wiene doarme Fike by him wei, mar doe't hja dêr by de toer wiene, wie Fike net by him wei to slaen. De houn roun deun tsjin him oan, sadat Bakker hast gjin foet forsette koe.
Bakker treau de houn by him wei en sei: hwat is der, hwat skeelt der oan. Hy koe de houn net ôfwarre; hy roun him sahwat tusken de skonken. Hwat wie der, hwat hat Fike sjoen, sa freget Bakker him ôf. Hwant dat de houn hwat seach, stiet by him fêst.
Fike wie dochs in bysûndere houn. Dêr oan 'e Noarderreed, tichte by harren, wenne omke Mathijs (Negerman). Doe't omke tige siik wie, stie Fike mei de foarste poaten yn 'e finsterbank en gûlde mei de kop omheech oan ien trie wei. Sadré omke dea wie hâlde de houn op mei gûlen en kaem thús. Dat neamd men spoekgûlen.

Onderwerp
SINSAG 0486 - Andere Todesvorzeichen.   
Beschrijving
Bij kerktoren blijft hond uit angst dicht bij baas lopen; jankt bij huis van zieke tot die is gestorven.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 42, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Sondeler Leijen   
Sondeler   
Fike   
Noarderreed   
Bakker   
Mathijs Negerman   
Plaats van Handelen
Sondel   