Hoofdtekst
Oan 'e Wikelderdyk, tusken Bargebek en Balk, stiet in slotsje "Meerzicht". Langer as 100 jier forlyn wenne dêr in âld-feint Renema mei syn húshâldster. Men neamde dat hûs wol it Renema-slot, it bosk dêr tichteby wie it Renema-bosk.
Dy Renema libbe as man en wiif mei syn húshâldster. Hja krigen njoggen bern, mar daliks nei de berte waerden de bern formoarde. De lykjes waerden - sa wol it forhael - ûnder de flier bidobbe. Folle letter moat men se foun ha.
Oan wearskanten fan de daem foar Renema-slot leine greate wite balstiennen. Doe't Renema dea wie, koe men him dêr nachts op ien fan dy stiennen sitten sjen. Hy hie dan in stokje yn 'e hân en biweegde dat foar de holle op en del. Letter hat men dy stiennen springe litten, en doe kaem de forskining net wer.
Wol koe it barre dat men by nacht dêr op dy hichte by twa beammen in man stean seach. Frou Bakker har mem, dy't skroar to Balk wie, hat dy beide mannen (hja hiene gjin fuotten) dêr ek ris stean sjoen, doe't hja to naeijen west wie en hja de jouns let op hûs oan gie.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Vrijgezel en zijn huishoudster doden hun pasgeboren kinderen en worden onder de vloer van het huis begraven. Na zijn dood zit de man 's nachts op een kei bij de ingang van zijn huis. Na het weghalen van de keien is de verschijning niet meer te zien. Later is bij bomen bij het huis 's avonds een man zonder voeten gezien.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 42, verhaal 10 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
MvZ: Meerzicht, met uitzicht op Slootermeer. Vanaf 1840 bewoner Frederik Zacharias Reneman Leeuwarden 1766-Wijckel 1866, 1843x Geertruida Johanna Elisabeth Jullen, Groningen 1797-Wijckel 1865. Uit dit huwelijk geen kinderen.]
Naam Overig in Tekst
Bakker   
Renema   
Meerzicht   
Wikelderdyk   
Wijckelerweg   
Naam Locatie in Tekst
Bargebek   
Balk   
Plaats van Handelen
Balk   