Hoofdtekst
Dêr tichteby wenne yn in lyts húske Gerrit de Vries. Hy knúske dêr hwat allinne om en it wie in rûge, smoarge en snústrige boel. Hy waerd al folle Tsjep-ome neamd. Op in kear kaem er let thús. It wie kerbûstich waer, en doe't er oan it tsjerkhôf ta wie, seach er dat de doar fan it lykhúske troch de wyn iepen en ticht sloech. Hy etcht tocht, ik sil de doar mar ticht dwaen, hwant oars kin er wol stikken slaen. Mar wylst er de doar ticht die, murk er dat der in greate swarte houn nêst him wie. In houn mei greate, gleoune eagen. Hy sei: "fuort houn", mar de houn gyng net fuort, treau tsjin Tsjep-ome oan, dat dy it net op fuotten hâlde koe en yn in stonkend gat by it tsjerkhôf rekke, dat fol wetter en drek stie. Hy koe der amper wer út komme, kladdere optlêst wer by de wâl op en draefde sa hurd as er koe op hûs ta. Dêr wie de houn ek al wer. Hy skuorde de doar iepen en sloech dy daliks wer efter him ticht. Efter de siken, trochwiet en smoarch en alhiel ûntdien, fleach er hals oer de kop, sûnder hwat út to dwaen, op bêd.
De oare moarns siet it Tsjep-ome noch yn 'e lea, en hy rydboske doe't er Gerrit Jongbloed syn nuver aventuer forhelle.
Onderwerp
SINSAG 0256 - Plagegeist (in Tiergestalt) erschreckt späten Wanderer (und begleitet ihn).
  
SINSAG 0333 - Spuktier erschreckt Wanderer (und begleitet ihn).   
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Bron
Naam Overig in Tekst
Jongbloed   
Singel   
Joadebosk   
Jodenbos   
Gerrit de Vries   
Tsjep-ome   
Gerrit Jongbloed   
Naam Locatie in Tekst
Koartsweagen   
Kortezwaag   
Gerdyk   
Gorredijk   
Plaats van Handelen
Kortezwaag