Hoofdtekst
Bart Eggers wie mei in helm berne. Hy wie ris mei in maet oan it baggerjen foar de slûs to Stobbegat. Eggers sei op in stuit: "Even wachtsje, der komt hwat oan". In skoftsje letter koene se wer bigjinne. Syn maet sei: "Hwat wie der nou, ik ha neat sjoen". Eggers andere: "Der gie in bok mei in lykkiste troch".
De oare deis stoar Barteld ten Hoeve fan Nijbrêge en in pear dagen letter waerd it lyk mei in bok troch de slûs fierd.
As in bern mei in helm berne waerd en de helm (in flues dat it bern foar de holle hie en dat der daliks ôf moast, oars soe it bern stikke) waerd der fan ûnderen nei boppen ôffierd, dan soe de persoan letter foarút sjen kinne. Dat wol sizze: hy soe binammen lykstaesjes, brânnen en skipbrek foarút sjen.

Onderwerp
TM 2901 - Helmdragers   
Beschrijving
Uitkomen van voorzien van helmdrager dat er een schip met een lijkkist door de vaart komt. Door de helm bij een pasgeborene van onder naar boven te verwijderen kan de helmdrager later zaken vooruit zien.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 47, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Stobbegat heet vanaf 1954 Vegelinsoord.
Naam Overig in Tekst
Bart Eggers   
Eggers   
Barteld ten Hoeve   
Naam Locatie in Tekst
Stobbegat   
Nijbrêge   
Nieuwebrug   
Plaats van Handelen
Vegelinsoord   
Stobbegat   