Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA004801

Een sage (mondeling), woensdag 22 juni 1966

Hoofdtekst

R. Brandsma wennet oan de Parallelwei to Hearrenfean. Hy hat tiden fortsjinwurdiger west by Philips. Hy hat to Eindhoven, Arnhem, Amsterdam en to Grins wenne. To Grins - sa forhelle er my - wennen se yn in great âld hûs yn 'e Wassenbergstrjitte. Dêr yn dat hûs hong altyd - sa fielde er it oan - hwat in nuvere sfear. It wie min to sizzen hoe en hwat krekt.
Op in kear siet Brandsma ris yn 'e keamer to lêzen. Opienns gie de doar iepen. B. gie oerein en die de doar wer ticht. Krekt siet er wer mei de eagen yn it boek of de doar gie wer iepen. Dat is frjemd tocht B., ik ha him fêst net goed ticht dien. Hy die de doar wer ticht en treau der tsjin oan: nou wie er der wis fan dat er goed ticht wie, mar krekt siet er wer to lêzen oft de doar gie wer iepen. Dêr woe d er sines fan ha. Hy die de doar goed ticht en die krekt oft er lies, mar hâldde it each op 'e doar. De doar bleau ticht. Bigoun er wer to lêzen, dan gie de doar wer iepen.

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Lezende man merkt dat de deur opeens opengaat, en dat herhaalt zich. Als hij doet alsof hij leest gebeurt er niets, zodra hij weer leest gaat de deur open.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 48, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

R. Brandsma    R. Brandsma   

Parallelwei    Parallelwei   

Parallelweg    Parallelweg   

Philips    Philips   

Wassenbergstrjitte    Wassenbergstrjitte   

Wassenbergstraat    Wassenbergstraat   

Naam Locatie in Tekst

Hearrenfean    Hearrenfean   

Heerenveen    Heerenveen   

Eindhoven    Eindhoven   

Arnhem    Arnhem   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Plaats van Handelen

Groningen    Groningen