Hoofdtekst
To Wikel, oan 'e dyk nei Balk, stiet in typysk, moai âld húske. Alear - it sil om 1910 hinne west ha - wenne dêr in âld plysjeman, Roskam hjitte er. Der waerd praet oer de sturtstjer (komeet) fan Halley. By it forskinen fan dy komeet soe - sa waerd wol sein en ek wol leaud - de wrâld forgean.
Roskam wie der ek wol bang foar, en by gefal it sa komme soe, woed er in deakiste ha. Hy gie nei de timmerman en bistelde in deafet. De timmerman sei: "Astû dea giest sil ik dy in deakiste meitsje; earder net".
Roskam kaem mei itselde boadskip by de weinmakker Stegenga. Dy sei: "As Jo it sa bigrepen ha, giet it oan", en hy makke de man in deakiste.
Roskam sliepte forskate nachten yn dat deafet. Optlêst - de komeet wie west, mar der barden gjin bûtenwenstige dingen en de âld ierde draeide der likegoed om troch.
Doe 't Roskam kaem to forstjerren, is er yn dy kiste to hôf brocht. It testamint waerd iepene en it bliek dat de weinmakker Stegenga mei in fikse slompe jild bitocht wie.

Beschrijving
Man vreest dat de wereld ten onder gaat als de komeet van Halley verschijnt, en wil een doodskist laten maken. De timmerman wil dat pas doen als hij gestorven is, de wagenmaker maakt de kist wel. Na de dood van de man erft de wagenmaker een groot geldbedrag.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 50, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Roskam   
Halley   
Stegenga   
Naam Locatie in Tekst
Wikel   
Wijckel   
Balk   
Plaats van Handelen
Wijckel