Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA005401

Een sage (mondeling), maandag 01 augustus 1966

Hoofdtekst

Yn 'e 18 de ieu wenne in bakker to Sleat, dy 't trije dagen yn 'e wike mei de breakarre de streek ôfsutele nei Tsjerkgaest en it Gaesterlânske op. Dat wiene hiele reizen, hwant de wegen wiene min. De bakker hie sa syn fêste húskes fan hâld-oan, dêr 't er thé of kofje krige en dêr syn brochje by opiet. Yn Gaesterlân gie er de boskpaden troch nei Nij-Amerika en Rûchhuzen. Dêr gie er by syn broer oan, en teach dan wer oer de Bargebek en Wikel nei Sleat.
Dy bakker wie to Balk wenne, en in âld kreamheinster wist to fortellen dat er mei in helm berne wie. Oaren wisten dat hy, doe 't er sa 'n foech jonge wie, op in nacht kel wekker waerd. Hy seach syn mem yn 'e kiste lizzen, en in wike letter wie se stoarn en to hôf brocht.
Soms seach er in rige manlju yn swarte pakken en mei siden petten op, en dêrefter froulju mei reinkleden. Hy koe dan oan itjinge er seach wol útmeitsje hwa 't yn 't koart weireitsje soe.
Twakear yn it jier gie Geale - sa hjitte de bakker - Gaesterlân yn om mei de boeren ôf to rekkenjen; as er dat elke kear by it suteljen die, dan kaem er net klear.
As de minsken him dan gean seagen, dan seinen se: "Baes bakker komt joun mei in swiere ponge thús".
Op in simmerjoun hied er to ôfrekkenjen west en soe de Griene Leane troch, doe 't ien fan Rauke Hantsjes jonges, Watze, him opwachte en mei him oprinne woe.
Dy Watze wie in gewante fint, net in fornamen-ien, hy kaem út in forkeard nêst. Geale mei syn slompe jild wie neat mei dit selskip ynnomd. As Watze nei hûs soe, siet Geale oan de Bargebek ta mei him opskipe, hwant syn âlden wennen efter yn it lân bisiden de Mûntseleane. De Boekelleane en it sânpaed nei Rûchhuzen, dêr 't hja lâns moasten, wienen frijhwat iensum.
Watze hie lêbbich praet, wie by de boer weirekke en hie gjin jild krige. Optlêst sei er tsjin Geale: "Ik moat jild ha, ik kin net mei lege hannen thúskomme. Lit ris sjen hwat der yn 'e ponge sit".
Geale sei: "Dou hâldst dyn hannen thús", mar fielde him net noflik. It waerd al skym'rich ûnder de beammen. Hy eage it sânpaed del, en hy wie bliid dat er yn 'e fierte stimmen hearde. Ringen koed er minsken ûnderskiede. Watze sprong oer in greppel en fordwoun yn it hakhout.
It wie de boer fan de pleats by it Lyclama-boskje mei de feint en Geale roun mei harren op oan Rûchhuzen ta, hwer 't er oan syn broer Piter it forhael fan syn wjerfarren forhelle.
"Klei him oan", sei Piter. Mar dêr woe Geale net oan. Der wie eins neat bard. En it wie mar sa, hoe stiller hoe better mei dat Rauke Hantsjes folk. Hy moast sa faek de boskpaden troch.

In hiel skoft hie Geale Watze net sjoen. Op in kear, it wie winter, wie Geale oan it suteljen en skoude syn karke troch de djippe weinspoaren, doe 't er tusken Boekelleane en Rchhuzen Watze en syn broer sitten seach to tûkmeitsjen.
"Hoe is 't âlde," rôp Watze, "kin 'k jo net in pear weinfollen tûken leverje?".
"Ik ha al tûken", rôp Geale en sette troch.
Watze rôp him nei: "It is gau wer safier, bakker, dan prate wy wol wer".
Doe ’t de bakker by syn broer Piter kaem, murk dy wol dat Geale deabinaud foar Watze wie.
Ulbe, in soan fan Piter, sei: "Omke hoecht wierliken net sa bang fan dy fint to wêzen. Hy is tige byleauwich en skitend binaud yn it tsjuster. Ik sil in koalraep útholje, der in deadskop fan snije en dan set ik dêr in kears yn. As jo dan de leane del komme rin ik op it tsjerkhôf mei in wyt lekken om en dan hâld ik de deadskop op in stôk boppe myn holle. Dan sil jo ris sjen hwer 't Watze bidarret. Dan fljocht er as in hazze troch sleatten en oer hikken hinne."

Sneons wie it altyd drok en om twa ûre yn 'e nacht wie Geale al wer yn 'e bakkerij. Hy hie in koarte nacht hawn en aeklik dreamd. Mar hwat dat wist er net krekt mear.
Mei de izeren pook jage hy de gloede troch it roaster fan de oun en smiet nije tûken op it smeuljende fjûr. Hy liet de ounsdoar iepen stean, wylst er sekken moal yn 'e mingtrôch lege. De tûkebosken knapten en de lôge sloech der út.
Doe 't er de doar ticht dwaen soe, sloech de skrik him om it hert. Boppe de flammen út stiek in greate bonkige hân. Deselde dy 't hy fannacht yn de dream sjoen hie, dy't him tawonken hie. En daliks seach er de dream wer klear foar him. Dúdlik seach hy wer de kiste mei it kleed der oer. De kiste stie yn de tsjustere hoeke fan de efterkeamer. Hotske, syn wiif, sloech it kleed omheech en Watze kipe glimkjend oer har skouder. Hy sels bleau op in distânsje stean. Mar doe waerd der boppe de kiste in greate bonkige hân sichtber, mei lange meagere fingers, dêr 't in blauwich ljocht fan útstriele. De hân wonk him. Al mar wer oan. Wylst er nei de donkere hoeke tarinne soe, wie it krekt oft er bigoun to sweevjen.
Oer de hollen fan Hotske en Watze hinne seach hy him sels yn de kiste lizzen. De mûle skeef en it rjochter each heal ticht.
Under brea-iten fortelde er syn dream oan Hotske, dy it frjemd foun, mar him oanrette om der mar net mear oan to tinken. It wie ommers al wer foarby.

De moandeis dêrop hie Geale der al tsjinoan skrept om mei it ôfrekkenjen foar donker klear to kommen. Mar it wie al skymrich doe 't er tusken de hege beammen fan de Griene Leane roun. Healwei it paed hearde er hwat risseljen yn it strewel en ear 't er it wist roun Watze neist him.
Earst bigoun Watze oer de takken, dy 't er de bakker forkeapje woe. Doe woed er jild fan Geale ha. Geale trêdde hwat er koe om mar by it tsjerkhôf to kommen. Ynienen bleau Wat ze stean en pakte Geale by de earm. "Sjoch dêr ris!", sei er, en Geale sea ch it ek. In wite skime mei in deadskop stie op it tsjerkhôf. Geale die krekt oft er neat seach. "Hwersa", sei er.
"It komt op ús ta", sei Watze. "Dat komt fan dyn kwea gewisse", Geale wer, "dou sjochst dingen, dy ’t der net binne".
Geale hie syn oandacht by Watze hawn, mar doe 't hy even de kant fan it tsjerkhôf opseach, skrok er ek. It spoek kaem op de hage ta en in greate bonkige hân mei lange meagere fingers, dêr 't in blauwe wjerskyn fan útgie, boppe it spoek, wonk harren om op it tsjerkhôf to kommen. Geale skrille derfan: it wie deselde hawn, dy 't er yn syn dream en foar de oun sjoen hie. Watze liet him los en fleach sa hurd er koe de leane yn.

Doe 't se even letter by Piter om 'e tafel sieten, frege Ulbe hoe 't omke it spoek foun. Geale sei: "Dat hast knap dien, mar hoe hast dat mei dy hân foarelkoar krige".
"Hân? Hwat bidoele jo, omke".
"Nou, dy greate hân, dy 't almar nei ús wonk.
"Jo moatte jo forsjoen ha, omke. Ik hie myn hannen wol nedich om de stôk omheech en it lekken ticht to hâlden".
Dan is it dochs deslde hân, tocht Geale.
"Drink nou earst mar ris út", sei Piter syn wiif.
Hy soe it kopke fan de tafel krije, mar syn hân bleau stykjen. Mei in plof foel Geale foaroer by de stoel del op 'e flier.

Syn lyk waerd de jouns op in bolderwein nei Sleat brocht. De kiste kaem yn 'e efterkeamer to stean. Doe 't Piter it lyk hwat torjochte lei, rôp er Hotske. Hja sloech it kleed op. Oerstjûr seah hja dat de dream neikomd wie. De mûle wie skeef lutsen en it iene each wie heal ticht.

Onderwerp

SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen    SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   

VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder    VDK 1676F* - Spookspelen: Het spook op de vonder   

ATU 1676 - The Pretended Ghost    ATU 1676 - The Pretended Ghost   

Beschrijving

Wat man droomt gebeurt later werkelijk.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 54, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Piter    Piter   

Pieter    Pieter   

Geale    Geale   

Hotske    Hotske   

Ulbe    Ulbe   

Watze    Watze   

Griene Leane    Griene Leane   

Boekelleane    Boekelleane   

Lyclamabosje    Lyclamabosje   

Mûntseleane    Mûntseleane   

Munnikeleane    Munnikeleane   

Gaesterlân    Gaesterlân   

Gaasterland    Gaasterland   

Naam Locatie in Tekst

Sleat
Sloten
Tsjerkgaest
Tjerkgaast
Rûchhuzen

Ruigahuizen    Ruigahuizen   

Bargebek    Bargebek   

Nij-Amerika    Nij-Amerika   

Nieuw-Amerika    Nieuw-Amerika   

Wikel    Wikel   

Wijckel    Wijckel   

Balk    Balk