Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

BIJLSMA007105

Een sage (mondeling), donderdag 10 november 1966

Hoofdtekst

Albert Hoekstra to Langwar hie dêrre ris by in boer west to kofjedrinken. Der wie praet oer de duvel, oft dy al of net bistie. Albert woe der neat fan witte, en sei: as der in duvel is, woe ik him wolris treffe.
De jouns let moast er oer de Wâldfinnen nei de Jouwer. Dêr wie doe noch gjin forhurde wei en hy moast oer forskate smelle planken. Doe 't er fan Langwar nei Boarnsweach roun, kaem him in greate swarte houn op side. To Boarnsweach moast er oerset wurde troch dikke Jabik, dy 't dêr oan 'e Langwarder Wielen in herberchje en de oerset hie.
Albert hie bisocht de greate swarte houn mei gleone eagen by him wei to hâlden, mar it slagge net. De houn bleau by him. De grize gie him oer de grouwe. Oft er stadich of hurd roun, de houn wie net ôf to warren. Sa kaem Albert optlêst trochwiet fan swit by it oerset fan dikke Jabik. Dy sei: hwat sjochst dou der út, hwat skeelt dy.
Albert die syn forhael en wiisde op de houn, mar Jabik sei: dou bist net wiis, der is gjin houn.
Jabik makke it boat los en Albert stapte deryn. Albert rôp: nou giet dy fordomde houn ek al yn 'e boat. Jabik lykwols seach gjin houn. Albert sette de Wâldfinnen del biselskippe fan de houn, dy 't oan 'e Jouwer ta nêst him bleau. Doe ynienen wie it bist samar fordwoun.
Albert hat nea wer sein dat der gjin duvel wie.

Onderwerp

SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).    SINSAG 0917 - Teufel (in Tiergestalt) erschreckt Sünder (Fluchende, Holzdiebe, Sonntagsschänder oder Spötter).   

Beschrijving

Spotter ontkent bestaan duivel en zegt hem wel te willen ontmoeten. Onderweg vergezelt grote zwarte hond met gloeiende ogen hem, maar een ander ziet geen hond. Hond verdwijnt plotseling, man heeft nooit meer bestaan van duivel ontkend.

Bron

Collectie Bijlsma, verslag 71, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Albert Hoekstra    Albert Hoekstra   

Wâldfinnen    Wâldfinnen   

Jabik    Jabik   

Albert    Albert   

Langwarder Wielen    Langwarder Wielen   

Langweerder Wielen    Langweerder Wielen   

Woudfennen    Woudfennen   

Naam Locatie in Tekst

Langwar    Langwar   

Langweer    Langweer   

Boarnsweach    Boarnsweach   

Boornzwaag    Boornzwaag   

Jouwer    Jouwer   

Joure    Joure   

Plaats van Handelen

Boornzwaag    Boornzwaag