Hoofdtekst
To Jirnsum wenne foar sa 'n foech 60 jier Fokke van Dijk. Nei it sizzen fan de lju hie dy man in gat yn 'e mage. Hy wie in tige wurksum man en arbeide lang op in terp to Friens. Doe 't dy terp ôfgroeven wie waerd er boerearbeider to Jirnsum, stie winters mei in iistinte op it iis en hja hiene ek seis kostgongers.
Fokke wie altyd gleon hastich en slokte it iten samar troch. Dat kaem to bot oan en sadwaende krige er in gat yn 'e mage.
Hy koe almeugend arbeidzje, mar ek: hy koe sa ite, dêr wie gjin foarbyld fan. Sa wie it forhael dat er ris allinne in hele geit opfretten hie. Ek seach er der gjin bien yn in bargekop op to iten. Seach er in heal ammer koekguod stean, dan gie dat der samar troch. Ek in ammer stienparren wied er wol treast. As er de molkbossen by de dyk ophelle, dan dronk er in pear lid waei op. Soms lei er plat op it liif oan 'e kant fan de Moezel (by Jirnsum) en dronk fan it wetter sadat der streaming yn it wetter kaem.
As syn frou it iten foar de 6 kostgongers klearsetten hie, wie Fokke der net allinne by fortroud, dan friet er it hiele swikje op.

Beschrijving
Voorbeelden hoeveel man kan eten en drinken.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 74, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Fokke van Dijk   
Moezel   
Naam Locatie in Tekst
Jirnsum   
Irnsum   
Friens   
Plaats van Handelen
Irnsum