Hoofdtekst
Doe 't de tsjerken fan Stiens en Britsum krekt boud wiene, mar de doarpen noch gjin namme hiene, groeven twa reuzen in feart en brûkten dêrta skeppen, dy 't hja makke hiene fan in trochseage modderpream. Doe 't it kerwei birêdden wie, wiene se wurch en sochten om hwat steun. Hja leunden op 'e tsjerke fan Britsum. Dy koe dat net forneare, de tsjerke bijoech him, hy wie brutsen. De reuzen seine dat is Britsum en sa kaem it doarp oan dy namme. Doe leunden se tsjin de tsjerke fan Stiens. Dy stie it gewicht fan de reuzen, en it doarp krige de namme Stiens.
De reuzen wiene wol sa wurch fan dat drege kerwei, en se neamden de feart "de Wurge".
Waling Dykstra seit der fan:
Dat doarp, hwaens tsjerke brutsen wie
Krekt as in spuonnen doas,
Dêr 't de iene in iepen kin fan hie,
De oare in tsjokke noas,
Dat moast - elk stimde dêryn ta -
De namme mar fan Britsum ha.
En dêr 't de slatters rêsten hien'
Sa noflik as op fear,
Wylst de tsjerke 't hie trochstien,
Dat wie it doarp ta ear,
En dêrom wie men it daliks iens:
Dat moast de namme ha fan Stiens.
Doe waerd der oan de nije feart
Ek jit in namme jown.
Elk hie dy reuzen kreunen heard,
In ûre wol yn 't roun.
Dêr hiet dy feart de Wurge nei,
Lyk as er hjit oant hjoed de dei.
De reuzen wiene wol sa wurch fan dat drege kerwei, en se neamden de feart "de Wurge".
Waling Dykstra seit der fan:
Dat doarp, hwaens tsjerke brutsen wie
Krekt as in spuonnen doas,
Dêr 't de iene in iepen kin fan hie,
De oare in tsjokke noas,
Dat moast - elk stimde dêryn ta -
De namme mar fan Britsum ha.
En dêr 't de slatters rêsten hien'
Sa noflik as op fear,
Wylst de tsjerke 't hie trochstien,
Dat wie it doarp ta ear,
En dêrom wie men it daliks iens:
Dat moast de namme ha fan Stiens.
Doe waerd der oan de nije feart
Ek jit in namme jown.
Elk hie dy reuzen kreunen heard,
In ûre wol yn 't roun.
Dêr hiet dy feart de Wurge nei,
Lyk as er hjit oant hjoed de dei.
Onderwerp
TM 2601 - Hoe het dorp (de stad, heuvel, straat, een plek of het stuk land) aan z'n naam is gekomen   
Beschrijving
Naamsverklaring van Britsum en Stiens.
Bron
Collectie Bijlsma, verslag 83, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
zie Waling Dykstra, Uit Friesland's volksleven, 1895-1896, I, p. 121
Eerder verschenen in 1851
Eerder verschenen in 1851
Naam Overig in Tekst
Wurge   
Waling Dykstra   
Naam Locatie in Tekst
Stiens   
Britsum   
Plaats van Handelen
Stiens   
Britsum   
