Hoofdtekst
It wier yn 'e Maeitiid. Hearke wier mei in oare arbeider by de rûchskerne ounit dongladen. Hy wier wend, as de wein fol wier, in skoftsje op it tiksel to sitten. Mar de boer hie in pear jonge hynders foar de wein. Dy binne by 't Maeitiid noch al hwat gysten. De boer wie der dertroch iderkear samar wer mei de lege wein, dat fan sitten kaem net folle. Hjir krige Hearke syn nocht fan. Hy sei tsjin de arbeider: "Dou moast mar klobkes snije fan in goed kroadfol." Dat die der. En Hearke sette de klobben sa mar op 'e wein. En dy wier ek samar fol. Doe 't de boer wer kaem siet Hearke op it tiksel.
"Moat dat sa?" sei de boer.
"Moat dat sa?" sei de boer.
Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Mestwagen is snel terug is waardoor er geen rusttijd is. Oplossing van sterke man is door te laden met grote stukken mest waardoor de wagen snel vol is.
Bron
Collectie Keuning, verslag 8, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Hearke