Hoofdtekst
Hearke wie arbeider by boer Veenstra. En hy wier stille plysje. Der waerden yn dy earmoedige tiden in protte ierpels stellen út 'e bulten. Dat barde ek by boer Veenstra. Hearke moast doe yn 'e nacht oppasse. Yn de iere moarn, it wier noch tsjuster, seach er ien oankommen. Hy liet him stil gewurde. De man laedde in sek fol earpels en gong dêrmei nei hûs ta.
Hearke der efter oan. De man gong yn 'e hûs, skylde hwat ierpels, makke de kachel oan mei hwat prikken en sear de ierpels.
Hearke koe oer de blinen hinne alles bêst sjen. En, dat wiif en bern fan it bêd helle waerden en meielkoar de ierpels sûnder hwat er op ôf der by opieten.
Hearke nei de boer ta.
"En, ha jou de man âl?'
"Ja," sei Hearke, "mar it is syn skuld net. Hy hat de hiele simmer en hjerst foar jou arbeide en goed syn wurk dien. Doe ha jou him dien jouwn. Nou is it earremoed, hwant hwer moat de man nou wurk fine? Sy komme om fan 'e hûnger."
De boer liet in wein fol laede mei ierpels en in stik spek en hout en liet dat nei de arbeider tabringe.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Hearke ziet iemand aardappels stelen bij boer, maar zegt tegen boer dat hij door de arbeider te ontslaan de schuldige is.
Bron
Collectie Keuning, verslag 8, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Hearke   
Veenstra   