Hoofdtekst
In âld minske by úzes roun mei pakjes sûkerij. Foar in botsen in pakje. Faek waerd hja yn 'e hûs kloppe. Hwant hja koe ek wiersizze. Myn wiif hat it ek es dien, doe 't hja noch in jongfaem wier. Hja krige dan in kop kofje. Der riedde hja dan hwat yn en geat de kofje der foarsichtich ôf, dat it kofjedik yn it kopke stean bleauw. En doe sei hja:
"Dou hast nou noch sterke forkearing nou? Mar dat sil útreitsje. Mar dan krigest forkearing mei in oare feint. Mar dat is slim. Dy jonge sil gau stjerre."
It kaem ek sa út.
"Dou hast nou noch sterke forkearing nou? Mar dat sil útreitsje. Mar dan krigest forkearing mei in oare feint. Mar dat is slim. Dy jonge sil gau stjerre."
It kaem ek sa út.
Beschrijving
Uitkomen van voorspelling van waarzegster die in koffiedik ziet dat verkering van meisje zal uitraken en dat ze daarna verkering krijgt met iemand die snel zal sterven.
Bron
Collectie Keuning, verslag 13, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)