Hoofdtekst
Jieren lyn is hjir ris ien formoarde. W. gyng in skoftsje letter nei Dutslân to arbeidzjen. Dêr lei hy ris op 'e rêch yn in bosk. En hwat seach hy dêr? Yn in beam hinge it lyk fan in keardel, sûnder holle. Dy lei op 'e groun.
"Ik hoopje net, dat my dat ea wer oerkomt," sei hy. Mar in skoft letter, doe hy hjir wer wier, seach hy hjir precies it selde.
Hy gyng nei de plysje, om it oan to jaen. Dy helle it lyk der wei.
Yn de bûsen waerd allinne in pypke jern foun, oars neat. Mar op it selde plak strúnde in hiele greate swarte houn om. Dy hie in halsbân om, dêr hwat op stie. Mar netien koe lêze, hwat it wier.

Onderwerp
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Op plaats waar een moord is gepleegd loopt een grote zwarte hond, die een halsband draagt met een onleesbaar opschrift.
Bron
Collectie Keuning, verslag 28, verhaal 11 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
W.   
Dutslân   
Duitsland   